Froulju op dieverij betrape

13 jul 2012 - 10:23

De plysje hat tongersdei twa ynwensters fan Wolvegea oanhâlden op fertinking fan stellerij út winkels. De twa froulju fan 33 jier waarden betrape troch de meiwurkers fan in winkel.

Doe't se oerdroegen wiene oan de plysje die bliken dat se út folle mear winkels guod meinaam hiene sûnder te beteljen. Se hiene it stellen guod by har. Tsjin de twa is op it plysjeburo proses-ferbaal opmakke.

(advertinsje)