Omrop stjoert Swipedei út

13 jul 2012 - 10:12

Omrop Fryslân stjoert freed de Jouster Swipedei live út op tv en ynternet. De útstjoering op www.omroplive.nl begjint om 13.30 oere, dy op tv om 14.00 oere. It kommentaar wurdt fersoarge troch baanspeaker Hans Sinnige. De útstjoering op tv hâldt op om 17.00 oere. Omroplive giet langer troch.

De Swipedei is in tradisjonele koersdei op de draafbaan fan De Jouwer. Hichtepunt is de striid foar froulike pikeurs om De Gouden Swipe. Mar der binne mear moaie koersen. Derek Buitenzorg, it hynder fan de sportredaksje fan de Omrop, draaft ek mei.

(advertinsje)