Breed ferset tsjin útkeapjen boeren by natuergebieten

06 aug 2020 - 06:23

Der is net in soad animo ûnder in brede laach boeren foar it útkeapjen fan boerebedriuwen by Natura 2000-gebieten. Nei't de biologyske boeren yn Fryslân ferline wike dúdlik makken dat dy maatregel op de lange termyn te min docht om de lânbou duorsumer te meitsjen, krije sy no ek stipe fan lânbou-organisaasje LTO Nederland. Dy fynt it útkeapjen fan boeren troch de provinsje te koart troch de bocht.

Yn stee fan boeren út te keapjen, soe der yn in grutter gebiet sjoen wurde moatte nei in soarte fan ruilferkaveling wêrby't greiden njonken natuergebieten noch wol ekstinsyf brûkt wurde. Trienke Elshof fan LTO Nederland: "Dy grûn soe beskikber bliuwe moatte foar de sektor sels. Je moatte dan yn it gebiet sels sjen hoe't je dy grûn sa goed mooglik beskikber stelle kinne oan de boeren dy't wol troch wolle, sadat sy ek op in ekstinsive wize buorkje kinne."

De oanpak sa't dy earder brûkt waard by lânynrjochtingen soe dêr bygelyks brûkber foar wêze. Ien en oar betsjut wol dat mear boeren om natuergebieten hinne hjirmei te krijen hawwe: je hawwe it net mear allinnich oer de bedriuwen dy't deun op 'e Natura 2000-gebieten sitte. Sa't it by in lânynrjochting of ruilferkaveling heart, dogge je dat ek yn oerlis mei de streek.

Biologysk buorkjen

De biologyske melkfeehâlders fine dat harren wize fan buorkjen op it stuit it tichtst yn 'e buert komt fan de sirkulêre lânbou dêr't it Ryk hinne wol. Harren oprop om dêrom de hiele melkfeehâlderssektor biologysk te meitsjen, giet de LTO te fier. Elshof hat begryp foar dat stânpunt, mar wiist der op dat gongbere boeren ek hieltyd better prestearje as it giet om om bygelyks it brûken fan minder keunstdong, medisinen en oare stoffen fan bûten de pleats.

It soe ek de merk foar biologyske produkten ferpeste foar de besteande biologyske boeren, sa tinkt Elshof dy't der op wiist dat der mear opsjes binne as biologyske buorkjen om de stikstofútsjit te beheinen.

Trienke Elshof fan LTO Nederland

In pleats ticht by de natuer. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)