Mei 116 troch Dolsterhuzen

13 jul 2012 - 10:05

De plysje hat tongersdei op twa plakken yn de gemeenten Skarsterlân en Lemsterlân snelheidskontrôles hâlden. It giet om lokaasjes dêr't faak klachten binne oer te hurd riden. Op de Hege Dyk yn Sint Jansgea waarden mear as 500 auto's kontrolearre, 52 bestjoerders krigen in bekeuring omdat se hurder rieden as de tastiene 80 kilometer.

Op de Marwei yn Dolsterhuzen gienen 30 fan de hast 400 kontrolearre bestjoersders op 'e bon. De grutste oertreder hie 116 kilometer op de teller stean, wylst ek hjir mar 80 riden wurde mei.

(advertinsje)