Stiennen by akwadukt: ûngelok

13 jul 2012 - 09:52

Op de autodyk by Grou binne tongersdeitenacht twa auto's flink skansearre troch strjitstiennen. Dy leine ûnder it akwadukt en waarden te let sjoen troch de bestjoerders fan 'e auto's. De auto fan in Ljouwerter (39) rekke sa slim skansearre dat er net mear fierder ride koe.

Ek de auto fan in twadde Ljouwerter (29) rûn flinke skea op. Hoe't de strjitstiennen op 'e dyk bedarre binne is net dúdlik. De plysje ûndersiket oft der sprake is fan opset.

(advertinsje)