Petysje oerlange tsjin kap taksusbeam by Martinitsjerke yn Snits

05 aug 2020 - 21:16

Oan wethâlder Erik Faber fan Súdwest-Fryslân is woansdei in petysje oanbean tsjin it kappen fan de monumintale taksusbeam dy't njonken de Martinitsjerke yn Snits stiet. Yn febrewaris waard dúdlik dat der in grutte oanbou njonken de tsjerke komt as nij sintraal moetingsplek. Dêrfoar soe de taksus wike moatte. Mar dêr binne de 576 ûndertekeners fan de petysje it net mei iens.

De Grutte of Martinytsjerke yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Tsjin de Martinitsjerke moat in oanbou komme yn in ellipsfoarm. De klokketoer wurdt kantoarromte. It plan fan de Protestantske Gemeente Snits kostet goed 2,1 miljoen euro. De Suder- en Eastertsjerke wurde ôfstjitten en de Martinitsjerke moat de sintrumtsjerke wurde foar de tsjinsten. Neffens de yntsjinner 'rommelet' it bouplan oan alle kanten.

De taksusbeam (Taxus Baccata) stiet op de list fan de gemeente mei monumintale beammen. Boppedat is de taksus noch sûn, stelle de yntsjinners. It giet neffens harren om in byldbepalende, weardefolle beam. De taksus hat de namme 'Yfke' krigen.

"Het was een goed en fijn gesprek en we houden alle hoop voor het behoud van deze prachtige unieke en bovendien monumentale boom in hartje Sneek," sa skriuwt ien fan de yntsjinners.

Foto: Architectenbureau Kijlstra-Brouwer
(advertinsje)
(advertinsje)