Ysbrand Galama wint mei oermacht yn Gryptsjerk, krekt gjin skânsrekôr

05 aug 2020 - 21:01

Ysbrand Galama hat it fierljeppen yn Gryptsjerk wûn. De klassemintslieder kaam ta in ôfstân fan 21,10 meter, seis sintimeter minder as it skânsrekôr. It ferskil mei de konkurrinsje wie grut: Sytse Bokma waard twadde mei 19,88 en Nard Brandsma tredde mei 19,75. It is Galama syn fjirde oerwinning op rige.

De winnende sprong:

Foarôfgeand wie al dúdlik dat der in soad op it spul stie. Nei it promoasje- en degradaasjemomint fan sneon sieten alle fierljeptoppers foar it earst wer byinoar yn de earste klasse. Mei it weromkommen fan ljeppers as Bart Helmholt en Oane Galama like it op papier de sterkste topklasseformaasje.

Ysbrand Galama yn Gryptsjerk - Foto: Martin de Jong Fotografie

It skânsrekôr yn Gryptsjerk stiet op namme fan Oane Galama mei 21,16 meter. Mar foar de wedstriid sei broer Ysbrand al: "Dat giet deroan." Helmholt is op in soad plakken skânsrekôrhâlder, mar net yn Gryptsjerk. Dizze stie dus ek op syn ferlanglistje. Helmholt kaam lykwols net fierder as 18,55 meter, goed foar de sechsde ôfstân by de senioaren. Hy pleatste him dus ek net foar de finaleronde. Galama sette in ôfstân del fan 21,10 en fergruttet dêrmei syn foarsprong yn it klassemint op Helmholt.

Ysbrand Galama ferbruts krekt net it skânsrekôr fan syn broer:

Yn de finale stie wol Jarno Hoekstra fan Drylts, dy't yn de oergongsklasse ljept. Hy kaam yn de foarronde ta 18,83 meter, syn bêste ôfstân fan dit seizoen. Yn de finale koe er him net mear ferbetterje, hy krige twa kear in wiet pak.

Foar it earst gjin Van der Wal

By de froulju gong de winst foar it earst dit seizoen nei in oar as Marrit van der Wal. Sy bedarre yn de foarronde trije kear yn it wetter en sette gjin ôfstân del. Dêrfan profitearre Marije Reitsma fan Drylts. Mei 14,61, har bêste prestaasje dit jier, pakte se de winst. It twadde plak wie foar Femke Rispens (14,53) en Tessa Kramer (14,51) waard tredde.

Jeugd

By de junioaren sprong klassemintslieder Rutger Haanstra fan It Heidenskip it fierst. Mei 18,65 pakte er de oerwinning. Winsumer Minne Smit pakte mei 17,60 it twadde plak, foar Riemer Durk Krol fan Heech (17,27).

Ek by de jonges gong de winst nei de lieder yn it klassemint: Wisse Broekstra fan Tsjummearum pleatste him as twadde foar de finale, mar dêryn ferbettere er him behoarlik. Mei 17,38 bleau er Germ Terpstra (16,70, in persoanlik rekôr) en Wytse Steensma (15,65) foar.

Broekstra ljepte mei in brutsen tean, dy't er nei alle gedachten moandei op de training oprûn hat:

Pytrix Westra pakte har twadde oerwinning fan it seizoen by de famkes. Mei 14,56 meter, har bêste ôfstân dit jier, bleau se de konkurrinsje in aardich ein foar. Hilde van der Weij waard twadde mei 13,50 meter, ek foar har de bêste sprong dit jier. Inger Haanstra pakte mei 13,17 meter it tredde plak.

(advertinsje)
(advertinsje)