Fytspaad Deinum wurdt opknapt

13 jul 2012 - 09:37

De gemeente Menameradiel lit it fytspaad tusken Deinum en Dronryp opknappe. It fytspaad lâns it Van Harinxmakanaal rekke foar in part fernield doe't yn 2010 oan de wâlbeskoeiïng fan it kanaal wurke waard. Sûnt dy tiid is de situaasje allinnich mar slimmer wurden.

Menameradiel lit no nij asfalt op it fytspaad oanbringe. Dat is dêrom nije wike net te brûken.

(advertinsje)