SC Hearrenfean presintearret ferdigener Joaquín Fernández tongersdei

05 aug 2020 - 20:35

Sportklup Hearrenfean presintearret tongersdei Joaquín Fernández as nije spiler. De sintrale ferdigener komt oer fan de Oerûguayaanske klup River Plate.

Foto: www.orange-pictures.nl

Fernández (21) hie yn de Oerûgayaanske parse al sein dat nei in klup yn Nederlân soe dy't ferline seizoen as tsiende einige wie en sa'n 125 kilometer fan Amsterdam leit. River Plate makke op Twitter ek al wrâldkundich dat Fernández nei Hearrenfean giet:

De linkspoat hat twa wedstriden foar Oerûguay ûnder de 20 spile. Hy moat by Hearrenfean noch wol medysk kard wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)