Nyck de Vries fjirde yn Berlyn by werstart Formule E

05 aug 2020 - 20:03

Autokoereur Nyck de Vries is by de earste race nei de werstart fan de Formule E yn Berlyn as fjirde einige. De Snitser hie him as fiifde kwalifisearre, mar pakte ien plakje yn de race. De winst gong nei klassemintslieder Antonio Félix da Costa út Portugal.

Foto: Formula E

Healwei de race ried de Nederlanner Robin Frijns tsjin de muorre op, wêrtroch't de safety car op it parkoers kaam. De Vries lei doe fjirde. Nei't de koereurs wer los koene, helle er ek André Lotterer noch yn. Dat koe er net folhâlde: in kertierke foar de finish pakte Lotterer syn tredde plak werom.

De Vries waard ek noch ynhelle troch Sam Bird, mar de Snitser pakte syn fjirde plak werom, troch Jean-Éric Vergne foarby te riden. Dat fjirde plak koe er oant de finish tsjinhâlde.

Klassemint

It fjirde plak is De Vries syn bêste prestaasje oant no ta yn de Formule E. Hy pakt der tolve punten mei foar it klassemint. Hy stiet no tolfde.

Klassemint Formule E nei seis races

Koereur Punten
1. Antonio Félix da Costa 97
2. Mitch Evans 56
3. Maximilian Günther 48
4. Alexander Sims 47
5. Stoffel Vandoorne 46
6. Sam Bird 44
7. André Lotterer 43
8. Lucas di Grassi 40
9. Sébastien Buemi 33
10. Edoardo Mortara 32
11. Jean-Éric Vergne 31
12. Nyck de Vries 30

Foar de coronakrisis wiene der fiif races ferriden yn de Formule E. Op it âlde Tempelhof-fleanfjild yn Berlyn wurdt dizze wiken it seizoen ôfmakke. Dit wie de earste fan seis races op dat plak. Tongersdei komme de koereurs wer yn aksje, dit wykein twa kear en dan kommende wike ek noch twa kear.

(advertinsje)
(advertinsje)