Trein-ekshibisjonist oanholden op It Hearrenfean

05 aug 2020 - 19:59

De plysje krige woansdeitemiddei in melding dat in man yn in trein syn geslachtsdiel toande oan in froulike passazjier dy't ek yn de trein siet. It die bliken dat de ekshibisjonist in 56-jierrige Ljouwerter is. De plysje koe de man op it stasjon op It Hearrenfean oanhâlde. Dat barde om 13.30 hinne.

In perron op it stasjon fan It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De frou is opfongen troch plysjeminsken en hat oanjefte dien fan it foarfal.

(advertinsje)
(advertinsje)