Wurk by It Hearrenfean: kamera's hâlde knooppunt tenei yn de gaten

05 aug 2020 - 18:40

Fan takom moandei ôf pleats Rykswettersteat kamera's by it klaverblêd fan knooppunt It Hearrenfean. Yn totaal binne dat der seis, by de A7 en A32. Mei help fan de kamera's kin it ferkear better yn de gaten hâlden wurde.

Foto: Google Street View

Dat tafersjoch sil barre yn de ferkearssintrale yn Wolfheze. As der bygelyks in ûngelok bart, kinne de helptsjinsten better harren wurk dwaan om't der fuort al in byld is fan de ferkearssituaasje. It is foar it east dat soksoarte kamera's brûkt wurde yn de provinsje.

It wurk set útein op 10 augustus en duorret uterlik oant 6 septimber. Tusken 10 en 15 augustus binne op jûntiid in tal ferbiningsbôgen ticht. It ferkear wurdt dan omlaat.

(advertinsje)
(advertinsje)