Foargonger Wynjewâld docht oprop yn krante: "Tsjerken, tink kreatyf nei"

05 aug 2020 - 16:57

Pleatslike tsjerkerieden moatte folle kreativer en ynnovativer wêze om te sjen hoe't sy wer tsjerketsjinsten hâlde kinne. Dat hat Michel van Heijningen, foargonger yn Wynjewâld en Dorkwerd (Grinslân) yn it Friesch Dagblad skreaun. Troch de coronakrisis is it tal minsken dat nei tsjerke komt en kin bot tebekrûn. En as tsjerken der net om tinke, bliuwe de minsken fuort.

Foto: Omrop Fryslân

Yn Wynjewâld giet op dit stuit noch net it tal minsken nei de tsjinst dy't oars wol kamen. "De belangstelling in Wijnjewoude is gelukkig groeiend, maar het is nog niet wat het geweest is. We blijven achterlopen. Dat is ook begrijpelijk, ouderen in de risicogroep beslissen om niet naar de supermarkt en de kerk te gaan. Men moet 1,5 meter afstand houden in de kerk. Dat maakt het minder leuk en het maximale aantal mensen dat kan komen ligt lager," seit Van Heijningen.

Gjin kânsen lizze litte

Tsjerken pakke it somtiden hiel oars oan. "De ene kerk zingt wel mits er niet te veel mensen zijn, de kerk groot genoeg is en er een goede ventilatie is. In Wijnjewoude zingen we na de ene dienst in de ochtend buiten en bij de andere dienst in de middag wel. Maar je komt allerlei varianten tegen. Elders zijn er nog kerken die dicht zijn. Ik hoorde dat er een kerk was die nog dicht wil blijven tot 1 januari. Dan denk ik: je laat kansen liggen."

Oprop: tink kreatyf

En dat is no krekt it punt fan de foargonger. "Ik bespeur dat kerkraden wel iets creatiever zouden mogen zijn. Vanuit Dorkwerd in Groningen, waar ik ook woon, hebben we naast de kerk een tent neergezet. In de buitenlucht. We kunnen veel mensen ontvangen en zingen, het wordt ook leuker. Mensen nemen huisdieren mee. Het wordt meer ontspannen en leuker. Volgens mij kan dat op veel meer plaatsen."

Hy sjocht ek wol dat it net oeral kin. Van Heijningen: "Maar ik denk dat er meer mogelijkheden zijn. Huur een stuk land van een boer, of zoek naar een lege parkeerplaats."

Oft dat yn Wynjewâld ek barre sil, wit de foargonger noch net. "Ik beslis er niet alleen over, dus dat kan ik niet toezeggen. Maar ik hoop dat er mensen voor zijn. Een kerkdienst doet veel mensen goed, die gelegenheid zou je meer mensen willen bieden."

Michel van Heijningen, foargonger yn Wynjewâld en Dorkwerd

(Advertinsje)
(Advertinsje)