Ljouwert yn de race foar 'European Capital of Innovation'

Ljouwert is ien fan de tolve stêden dy't yn de race is om de 'European Capital of Innovation 2020' te wurden. Dy titel wurdt troch de Europeeske Uny útjûn en is finansiere troch Horizon 2020, it ûndersyks- en ynnovaasjeprogramma fan de EU. Sa moatte stêden erkenning krije dy't publike útdagingen oanpakke om de libbens fan minsken te ferbetterjen. De haadpriis is 1 miljoen euro en de fiif runner-ups krije 100.000 euro.
European Capital of Innovation Award yn 2019 © European Union, 2019
Der is noch in Nederlânske konkurrint foar Ljouwert, dat is de stêd Grins. Ek stêden as Gent, Reykjavik, Valencia en Wenen binne yn de striid foar de priis. De winner wurdt troch de Europeeske Kommisje bekendmakke op de Innovation Days op 22 oant en mei 24 septimber. Yn 2019 en 2018 giene de prizen nei Nantes en Athene.

Ljouwerter projekten

Ljouwert hat mei ferskate projekten oantoane wollen dat se hiel ynnovearjend dwaande binne. It giet om de Wettercampus, de enerzjycampus, de Hydroloop, Biotrack NL, Dairy Campus en Campus Fryslân.