Boeren fan Seisbierrum troffen troch GPS-dieven

05 aug 2020 - 15:47

By ferskate boeren yn Seisbierrum is yn de nacht fan moandei op tiisdei apparatuer stellen. It giet yn totaal om njoggen navigaasjesystemen of sproeikompjûters. De plysje fan Noardwest-Fryslân freget minsken dy't wat sjoen hawwe fan de GPS-dieven, om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

It is net de earste kear dat der GPS-apparatuer stellen wurdt, want de plysje hat lanlik al hûnderten meldingen krigen fan dieverij út lânbouweinen nei april 2019. De skea rint yn de miljoenen. Nei alle gedachten giet it om in kriminele aktiviteit dy't net by de grins ophâldt.

Kostbere apparatuer

Eelco Brouwer fan Eastermar is vice-foarsitter fan Cumela yn Fryslân. Dat is de brânjs-organisaasje foar ûndernimmers yn it grien. Hy leit út wat it krekt foar systemen binne. "It giet om systemen dy't brûkt wurde yn de lânbou, benammen op trekkers. It helpt om it wurk goed te dwaan en it rendemint sa heech mooglik te krijen. Dat hâldt sa'n systeem yn de gaten."

De stellerij fan de apparatuer is in kostber grapke. "Yn guon gefallen sil it ûnbeheard yn it lân stean, mar sels yn loadsen wurdt it der ôf helle. It wurdt echt ôfbrutsen, de kabels trochknipt. It is net grut, mar wol kostber. Je binne der wol 15- oant 20.000 euro oan kwyt. In ynvestearring. En yn in soad gefallen kinne je net mear sûnder," seit Brouwer. "Der wurdt al sûnt 2014 oer praat dat it gefoelich is foar dieverij. Dêrtroch is it ek dreech te fersekerjen."

Eelco Brouwer fan Eastermar, vice-foarsitter fan Cumela yn Fryslân

Seisbierrum - Foto: ANP

Boer Theunis Jensma fan Hallum is sels aldergeloks nea bestellen, mar heart it wol ris fan kollega's. "Jo binne fansels sunich mei je spul, mar it is noait hielendal foar te kommen. Je kinne jûns it spul der ôf helje en nei binnen bringe, mar ek oerdeis kin it gewoan stellen wurde. Hielendal wis binne je net."

Hy kin net begripe dat minsken de hiele systemen meinimme. "It skerm snap ik noch, dy kinne je wol los brûke. Mar soms wurdt ek de hiele apparatuer derút sloopt. Dy kinne je net wer op in oare trekker sette, dus der kinne de dieven neat mei. It kostet ús allinne wol tsientûzenen euro's", seit Jensma.

Boeren Gosse en Theunis Jensma

(advertinsje)
(advertinsje)