City Train Ljouwert hat koart pleit tsjin Veiligheidsregio Fryslân ferlern

05 aug 2020 - 14:52

City Train yn Ljouwert hat it koart pleit tsjin Veiligheidsregio Fryslân ferlern. De organisaasje efter de toeristetrein troch de binnenstêd hie de saak oanspand om't it treintsje mar mei de helte fan de kapasiteit ride mei. Oars soe der gjin 1,5 meter ôfstân hâlden wurde kinne.

City Train ferliest koart pleit

Der sitte wol skerms tusken de wagonnen fan de trein, mar neffens de Veiligheidsregio wie dat net foldwaande. Jelle de Visser hat him as eigener fan it treintsje dêr net by dellein en dêrom hie er in koart pleit oanspand. Mar mei de helte fan it tal minsken ride is finansjele net helber neffens De Visser.

De eigener tocht mei de spatskerms genôch maatregels troffen te hawwen, lykas yn de hoareka. De rjochter seit lykwols dat dy ferliking mei de hoareka net opgiet. Dat jildt ek foar de ferliking mei musea, bistetunen en ferdivedaasjeparken.

Gjin needsaaklik ferfier

Ek giet it yn it gefal fan de toeristetrein net om needsaaklik ferfier, wat by it gewoane iepenbier ferfier wol sa is. It giet mar om 'recreatief personenvervoer', sa skriuwt de rjochter.

Fierder giet de rjochter mei de gemeente mei dat net eltse kear in ûntheffing foar de 1,5 meter-maatregel oanfrege wurde kin op de needferoardering. De maatregels yn de needferoardering binne wichtiger as de belangen fan de eigener fan City Train Leeuwarden. Boppedat is it sa dat it effektyf hanthavenjen fan de needferoardering dreger wurdt as der te faak ûntheffingen ferliend wurde.

Ferlies oan omset

As lêst seit de rjochter dat net oannimlik wurden is dat de ekonomyske belangen fan De Visser ûnevenredich skea dien wurde toch it net ferlienen fan in ûntheffing. Der is net dúdlik makke wat krekt de omsetskea is en hoe't dy skea him ferhâldt mei it bedriuwsresultaat. Der is dus net genôch bewiis dat it fuortbestean fan City Train op it spul stiet.

De Citytrain Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Eigener teloarsteld

Jelle de Visser is fernuvere en teloarsteld. "Ik tink dat it te krijen hat mei de aktuele situaasje. Der binne wer wat mear besmettings. De rjochter is fansels ek mar in minsk. De eangst dominearret miskien wat oer it rjocht, dat tink ik."

De eksploitant is der net wiis mei. "Ik haw besocht it netsjes oan de oerheid te freegjen, mar sadreet je dat dogge, krije je geseur. Wy geane wol troch, want de minsken hawwe der wol wille oan. Mar dit jier wol mei minder minsken."

Eigener Jelle de Visser

(Advertinsje)
(Advertinsje)