Swalkôffal opromje mei in app: dat kin mei de HelemaalGroen-app

05 aug 2020 - 13:05

De hiele kaart fan Nederlân grien krije: dat is it doel fan de nije app HelemaalGroen. As je te kuierjen gean, kinne je meihelpe om swalkôffal op te rêden en dat mei oaren diele. Betinker fan de app is Jaap de Boer, wenjend yn Gelderlân, mar mei Fryske woartels.

Foto: Omrop Fryslân

"De groenapp legt vast waar jij als zwerfafvalraper gelopen hebt", seit Jaap de Boer. De app hâldt net by wat der no krekt út de berm oppakt wurdt, mar bringt dúdlik yn kaart hokker minsken harren omjouwing skjinhâlde. As jo meidogge, kinne jo sels in namme kieze om te brûken. "Op de kaart zie je ook wat anderen gedaan hebben. Zo kleuren we de kaart helemaal groen."

Mei de app wol De Boer minsken yn beweging sette. Hy leit út: "Iedereen die zijn best doet, telt mee. Hoe vaker je ergens op hetzelfde project loopt, hoe schoner het wordt."

Kombinaasje

De Boer syn idee ûntstie net samar. Hy betocht de app nei't er net mear fytse koe, fanwegen in slim ûngelok mei syn mountainbike. "Ik moest lopen van de fysio", seit De Boer. "Ik had een hekel aan lopen en ik heb ook altijd een hekel aan zwerfafval gehad. Toen heb ik die twee gecombineerd."

Al gau hie de Boer syn hiele doarp entûsjast makke foar it ôffalopromjen mei de app. Hjoed-de- dei binne der minsken yn hiel Nederlân dy't meidogge. De Boer hopet dat dat ek mear yn Fryslân barre sil: oant no ta binne yn ús provinsje noch mar trije minsken mei de app op de telefoan.

Trefwurden: 
swalkôffal opromjen Groenapp
(Advertinsje)
(Advertinsje)