Wetterplysje hat it drok mei de drokte op de Fryske wetters

05 aug 2020 - 12:47

It is hiel drok op de Fryske marren en kanalen. Toeristen bliuwe manmachtich yn Nederlân en sykje benammen mei it waarme waar it Fryske wetter op. De plysje hâldt yn de gaten oft de boatjeminsken harren wol oan de regels hâlde.

Wetterplysje hat it drok

"It is echt hartstikke drok, mar wol gesellich", seit Gerben Kooistra fan de wetterplysje. "We sjogge nei de feilichheid, mar ek nei de snelheid, de foarrangsregels en oft de leeftiid kloppet mei wat se farre meie."

Ek sjogge se nei de coronamaatregels. "We kontrolearje groepen as se op ien boat sitte, mar krekt hienen we in groep studinten en dy sizze dat se byinoar wenje yn ien studintehûs. Se moatte sels har eigen ferantwurdlikheid nimme."

De measte boetes binne foar jongeren dy't yn in te flugge boat farre.

Ek gefaarlik is it as minsken sûnder ûnderfining in boat bestjoere. "De ferhierder wiist se op de regels, mar minsken keapje ek wol in boat, mar hawwe totaal gjin weet fan de regels op it wetter. De beropsfeart giet wol gewoan troch en in skipper op sa'n grutte boat sjocht net wat foar him op it wetter bart."

Auke Zeldenrust yn petear mei de wetterplysje

(Advertinsje)
(Advertinsje)