Jeugd yn Hylpen soarget foar oerlêst yn haven

05 aug 2020 - 11:01

Toeristen yn de haven fan Hylpen sizze lestich fallen te wurden troch jongelju út de stêd. 'Terrorjeugd,' sa wurdt oer harren sprutsen. Se springe yn it wetter om de toeristen op de boaten wiet te meitsjen en hingje achter de boaten. Somtiden smite jongelju sels in wetterballon. Reden foar de plysje om mear te surveillearjen yn de haven.

Jongelju yn Hylpen

"Dit wordt al meer dan 100 jaar gedaan", seit ien fan de jongeren yn Hylpen. "Ik vind het onzin dat we hier niet mogen springen vanaf de brug en de steiger. We doen een bommetje en hangen soms aan de boeien. Sommige toeristen lachen erom, soms worden ze boos, dat gebeurt niet heel vaak." Neffens him binne it de jongere bern dy't mei wetterballonnen goaie. Hy seit him tenei wol oan de regels te hâlden. Sa no en dan springt de Hylper jeugd noch wolris yn it wetter, mar it binne ek Dútske toeristen dy't dat dogge.

By de toeristen leveret it iene gedrach mear argewaasje op as it oare. "Ze moeten niet gaan irriteren, springen is prima, maar met waterballonnen gooien is niet leuk, daar kun je van schrikken." In oar begrypt ek wol dat de jeugd mei dit waar yn it wetter springt.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie yn Hylpen

(Advertinsje)
(Advertinsje)