Kollum: "Turnjen"

05 aug 2020 - 08:17

"Ik ha by it KNGV wurke. Dat seit jim no miskien net alles, mar it is Epke Zonderland syn sportbûn. It hjit foar it oare no KNGU, want de roomsen en griffemearden binne der ek by kaam en doe waard it fan in Verbond ynienen in Unie. Ik wurke dêr as parsesjef, op it bûnsburo yn Utert. Ik fersoarge de ynterne en eksterne kommunikaasje. Dus én nei de leden én nei de kranten en telefyzje. It wurke dêr tusken 1972 en 1975.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

45 jier letter ha'k dus in probleem. Der is kommoasje, der komme allegear ferhalen. Turntrainers binne misdiedigers, se skoppe en yntimidearje turnsters. En hjoed-de-dei is it sa dat elkenien dy't by dy KNGU wurke hat, no net doocht.

Yn 1972 waard Ans van Gerwen ynienen 19e op de Olympyske Spelen yn München. Dus de Nederlânske turnwrâld woe mear, heger, better. No ja, dan moasten je kontakt sykje mei East- Europa. Dêr kamen de earste 18 froulju wei. Lytse, meagere, hast útrûpele hiele jonge famkes, dy't like maklik sân kear in slach oer de kop dienen as wy in kear mei de heupen draaiden.

It wienen bern, je soenen se sa in stikje sûkelaad jaan. Se fertelden ús dat as se dat opieten, dat se dan nei hûs stjoerd waarden, of klappen krigen. Nei dat belied socht it KNGV doe. De Hongaarske Eva Bartha waard tagelyk mei my beneamd. As trainster fan de nasjonale frouljusploech. Se krige as assistint de trainer fan de meast suksesfolle frouljusferiening, Pro Patria fan Zoetermeer. Dat wie Hans van Zetten. Presys, de man dy't 'Hij staat!' raasde doe't Epke syn gouden medalje helle.

De famkes fan de nasjonale ploech laken yndertiid noait. Eva Bartha hie dat tink ferbean. Bartha wie frij wreed, seker net mijend. En de famkes fan Pro Patria seine ek altyd dat Hans van Zetten "de baas" wie. Mar dat akseptearren se allegear, want dat hearde dochs sa. Dy East-Europeeske famkes koene better turnje omdat se har deljoegen yn sa'n systeem.

In pear jier derfoar hie ik yn Fryslân de basiskursus jeugdsportlieder dien. We wiene mei in hele ploech út allerhanne sporten, dus ek turnjonges. Sy learden fan ús hoe't se dy basketbal troch it netsje krigen. Sy learden ús hoe't je jeugdige sporterkes yn in rige op de flier krigen. Mei linten en sa. Dissipline. By de turnwedstriden letter moast ik dochs efkes slikke as je de marsmuzyk hearden wêrop't de turnsters fan it iene tastel nei it oare marsjearren. As se de oefening begûnen, stutsen se de hân omheech nei de sjuery op in wize dy't de Dútsers yn de oarloch ek dienen.

Dy dissipline is der noch. En fansels ûntaardet dy dissipline sa no en dan. Net elk hat dy basiskursus dien. De ien kin der ek better oer as de oar. Epke kin wol sizze dat it him net oerkaam is, mar de goeien oerkomt it net. Dy krije gjin 'toe no bliksem' nei de holle slingere. En Simone Biles, wrâld- en Olympysk kampioene turnjen út Amearika, sjocht der net út dat se noait in stikje sûkelaad krige. Likegoed begûn se te trainen op har achtste. En fansels wie der dissipline, oars wie se safier net kaam.

Mar se wie eartiids wol slachtoffer fan de seksuele eskapades fan de ploechdokter. It is sa âld as de sport sels is, de ferhâlding tusken trainer en pupil. Ik wit noch wol dat wy hjir allegear skrokken dat atlete Elly van Hulst fan Ljouwert troude mei har 13 jier âldere coach Theo Kersten. Mar dy beide ha no tegearre yn Portugal in makelderskantoar. Neat mis mei. Mar yn de ivige ien op ien ferhâlding trainer-pupil wurdt bêst in kear wat sein. Al mei skoppe fansels net.

Fan 'e wike sei immen "dy hurdfytster, dy Leontien van Moorsel, dy krige dochs anoreksia om't har trainer sei dat se in dikke kont hie". Dat hat har ploechlieder fan doe, Piet Hoekstra, letter faak hearre moatten. Dokkumer Piet hie 't no ien kear net oer achterwerken, mar oer konten. Rjochtút. Van Moorsel wie 't ek wol wat mei him iens. En krige yndied anoreksia. Wis. Mar dêrnei waard se ferskate kearen wrâld- en Olympysk kampioene. Is dat no foute yntimidaasje? Of is dat rendemint?"

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)