Ton Visser fan Boalsert sliept bûtendoar om jild yn te sammeljen

In grut bûtensliep-evenemint fan de Stichting Sheltersuit koe earder dit jier fanwege de coronamaatregels net trochgean. Dêrom hat de stichting, dy't wettertichte jassen en sliepsekken foar flechtlingen en swalkers makket, sneon útroppen ta yndividuele sleepout: Geef 8 voor een nacht. Minsken kinne troch acht oeren bûten te sliepen jild ophelje foar de stichting. Ien fan de minsken dy't dat docht is Ton Visser fan Boalsert.
© 8 For Aid
Ton Visser hie wolris fan de organisaasje heard en doe't er de oprop op syn telefoan lies, hat er him fuort ynskreaun. "En ik hie ek krekt tafallich mei in man op strjitte praat dy't fertelde dat er jierren op strjitte libbe hie. Dat makke wol yndruk."
Visser siket sponsors foar syn aksje. "As ik tusken de 50 en 100 euro ophelje, bin ik al bliid." Hy sil yn syn eigen tún sliepe. "Mei dizze temperatuer is dat fansels net sa dreech, ik sit deroer te tinken om it nochris yn de hjerst of winter te dwaan. Dan witst echt wat is."
Op 8foraid.com is mear ynformaasje te finen.
Ton Visser