Plukgeluk Friesland is al mear as 1.000 kante meter oan fjildboeket kwyt

It inisjatyf Plukgeluk Friesland is al oer de 1.000 kante meter mei blommen dy't ferkocht binne. Yn Sint-Jabik leit in blommefjild fan yn totaal 10.000 kante meter. Minsken kinne in stik blomgreide keapje en yn de bloeitiid in moai fjildboeket meinimme. De opbringst giet nei in pear goeie doelen. It idee ûntstie yn novimber en yn maaie is de grûn ynsiedde.
Plukgeluk Friesland
Neffens betinker Gerlof Rienks fan Plukgeluk Friesland binne goed 500 minsken dy't yntusken meidogge oan it projekt. Dat jout oan dat minsken yn trochsneed sa'n twa kante meter kocht hawwe. Dat kinne minsken op ynternet dwaan. En as it fjild yn Sint-Jabik dan 'plukryp' is, krije sy in e-mail en kinne der blommen út 'e grûn helle wurde.
"We gaan al op naar 1200 vierkante meter, er zijn bedrijven bij en particulieren die een stuk grond kopen. Ik ben akkerbouwer en heb een stukje vrijgehouden. Ik doe het samen met mijn broer, die vond het ook een goed idee. Je brengt mensen in de natuur."

"Je kunt maar uitzoeken"

It lân is alle dagen iepen fan 9 oant 21 oere. "De bloemen bloeien ook elke dag, dus het loopt altijd door. Er zijn altijd mensen. Het is een prachtig gezicht, je kan ervan genieten. Mensen bedanken me als ze met een boeket weggaan." Op it fjild binne mear as 40 ferskillende soarten. "Je kunt maar uitzoeken."

Goede doelen

It jild dat mei it inisjatyf opbrocht wurdt giet - bûten de ûnkosten - folslein nei trije goeie doelen. Dat binne de Voedselbank, de fûgelwacht en Stichting Us Dream yn Ljouwert, foar minsken mei in beheining. Dêrnjonken stypje de inisjatyfnimmers ek nochris it bioferskaat, troch in grut tal blommen en planten yn te siedzjen. Ek binne der bijekasten pleatst.
It doel is om 60.000 euro binnen te heljen, mar dat rêde se wierskynlik net. Takom jier is it plan om wer sa'n tún te meitsjen.
Gerlof Rienks
© Plukgeluk Friesland