Frou rekket by De Harkema ferwûne by botsing mei ree
By in ûngelok op de Betonwei by De Harkema is tiisdeitejûn in frou ferwûne rekke. Se siet yn in buske dat yn botsing kaam mei in ree. It bist wie slim ferwûne en is troch de plysje deasketten.
De frou is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. In twadde ynsitter fan it buske kaam mei de skrik frij.