Poldervaart sil Havenmantsje ferbouwe

15 nov 2011 - 11:04

Topkok Marco Poldervaart hat in omjouwingsfergunning oanfrege foar de ombou fan markante gebou It Havenmantsje yn Harns ta restaurant. It giet om in ynterne ferbouwing, net om in útwreiding.

Poldervaart wol it gebou ek graach útwreidzje, om't it oars te lyts is om út te kinnen. De kok hat goede hoop dat er dêr ek tastimming foar kriget. Earst wol er de oanfraach fan de omjouwingsfergunning ôfwachtsje. As alles meiwierret, wol Poldervaart yn 'e maitiid fan 2012 úteinsette mei de ynterne ferbouwing.

(advertinsje)