Rintje Ritsma sylt oseaan oer yn nij telefyzjeprogramma

04 aug 2020 - 22:18

Reedride kin er al, mar hoe sit it mei it silen? Ald-reedrider Rintje Ritsma, ek wol bekend as De Beer fan De Lemmer, stapte foar it nije SBS6-programma 'Alle hens aan dek' yn in sylboat. Yn trije wiken tiid fear er mei fjouwer oare bekende Nederlanners de Noardlike Oseaanrûte.

Foto: Martin de Jong

Ritsma gie mei Victor Reinier, Marco Kroon, Imanuelle Grives en Caroline van Eeden oan board fan it histoaryske sylskip King's Legend. De rûte gie fan Las Palmas, troch de Atlantyske Oceaan, de Ierske See en it Kanaal nei Nederlân. It úteinlike doel fan de reis wie it rûnjen fan Fastnet Rock yn it súdwesten fan Ierlân.

Langere sylreizen lutsen Ritsma altyd al wol, mar de lange tiid op see hold him tsjin. "Wy hawwe it no fjouwer oeren op en fjouwer oeren ôf dien. Dat is super goed befallen." It fiiftal stie ûnder lieding fan âld Volvo Ocean Race-skipper Hans Bouscholte.

Utdagings

Trije wiken lang gie de groep de útdagings oan dêr't de see harren foar stelde. De benammen ûnbedreaune seelju moasten gearwurkje om de oare kant fan de oseaan te berikken. "Ik koe it mei elkenien goed fine", fertelt Ritsma.

"We sieten eins op in te lytse boat. Der wiene njoggen bêden, mar tolve minsken. Mar der is gjin negatyf wurd fallen. Dat is wol bysûnder yn dy 17 dagen tiid." It waar wie goed neffens de âld-reedrider, eins té goed. "We hiene sels wol wat swierder waar hawwe mochten. We hawwe wol wat stoarm hân, mar dat wie hiel licht."

Persoanlike ferhalen

It programma draait ek om de persoanlike ferhalen fan de fiif dielnimmers. "Dat is miskien wol it moaiste. Ik hie absolút in moaie klik mei Marco Kroon en Victor Reinier", seit Ritsma. "Der bart in soad en it wurdt absolút gjin minne telefyzje. Ik ha yn elts gefal in ûnferjitlike tiid hân."

De útstjoerings binne nei alle gedachten yn it neijier te sjen op telefyzje.

Rintje Ritsma oer it sylaventoer

(Advertinsje)
(Advertinsje)