Sipke Hulshoff jier langer assistint-trainer by FC Volendam

Assistint-trainer Sipke Hulshoff makket in jier langer diel út fan de technyske stêf fan FC Volendam. Dat skriuwt de klup op harren webside. De Twizeler (45), dy't sûnt 2019 as rjochterhân fan trainer Wim Jonk wurksum is by FC Volendam, ferlinget syn kontrakt oant de simmer fan 2022.
Sipke Hulshoff © OrangePictures
Hulshoff hat yntusken aardich wat trainersûnderfining. Hy hat lang en yn ferskate funksjes, wêrûnder ynterim-haadtrainer en assistint-trainer, aktyf west by SC Cambuur. Dêrneist hat Hulshoff in ferline by FC Groningen, Red Bull Ghana, Al-Arabi en ferskate amateurklups.
Hulshoff giet kommend seizoen syn twadde ijer yn as assistint fan Jonk. De twa wurken earder gear by de UEFA Pro-oplieding.
"Ut it tuskentiidsk ferlingjen fan myn kontrakt sprekt in soad wurdearring", stelt Hulshoff. "De gearwurking tusken Wim, my en de rest fan de stêf fielt as fertroud en goed. De ambysjes fan de klup sprekke my noch altyd enoarm oan."
Sipke Hulshoff by FC Volendam © Omrop Fryslân
Technysk direkteur Jasper van Leeuwen is wiis mei de kontraktferlinging. "Er is een goede chemie tussen Wim, Sipke en de andere stafleden; iedereen kan werken vanuit eigen kracht en samen vullen ze elkaar op een hele natuurlijke manier aan."
Van Leeuwen priizget de kwaliteiten fan Hulshoff: "Sipke ademt voetbal, zijn passie voor het trainersvak is enorm en dat straalt hij ook iedere dag uit. Zijn fanatisme, gekoppeld aan positieve coaching, werkt heel goed voor onze jonge groep. Het is mooi dat de waardering voor Sipke zoals die leeft binnen de club, nu ook tot uiting komt in deze nieuwe verbintenis."