Soad sportklups wrakselje mei de oardelmeterregel

Fryske sportklups rekkenje har net ryk nei de ferrommings fan de coronamaatregels. It nije seizoen stiet foar de doar en de trainingen en oefenwedstriden sette útein, mar de oardelmeterregel is noch altyd fan krêft. Foaral no't de coronasifers lanlik wer oprinne en sportklups ek oanwiisd wurde as mooglike besmettingshurden. It is de klups dúdlik dat werom nei normaal noch fier fuort is.
Sportklups wrakselje mei oardel meter regel
By fuotbalklup FC Burgum binne de trainingen wer begûn, mar de kantine en de klaaikeamers bliuwe foarearst ticht fanwege de oardelmeterregel. Dat wurdt aanst oars as de wedstriden úteinsette. Dan wurdt besocht om in alvetal oer twa klaaikeamers te ferdielen. Foar de coach kin dat wat ûnhandich wêze, omdat dy hinne en wer rinne moat, seit foarsitter Durk van der Woude in bytsje laitsjend.
Foar de measte binnensporten duorret it noch in pear wiken foar't de aktiviteiten wer losgeane. It basketbal, hânbal en follybal sitte noch yn de simmerstop, mar ek hjir sille de klaaikeamers en de kantine foar it grutste part op slot bliuwe. Besluten hjiroer wurde de kommende wiken naam.
By yndividuele sporten as golf en tennis leit it wat makliker. Klaaikeamers wurde hjir wol brûkt, mar net mei mear as ien of twa spilers tagelyk, fertelt Age Bokma, manager en trainer op tennispark De Molen yn Ljouwert.
Durk van der Woude fan FC Burgum © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Foar it publyk bliuwt de oardelmeterregel fan krêft. Hoewol't de romte wol mear talit, meie der yn Burgum net mear as 250 minsken op it terrein. "Dat is net altyd even maklik te kontrolearjen", jout Van der Woude ta.
Hoewol't der fan maaie en juny ôf sprake wie fan in flinke ferromming fan de maatregels, rekkenje de klups harren net ryk. Foaral no't lanlik de coronasifers wer oprinne, is it realiteitsbesef grut. "Wy hâlde der rekken mei dat dit it hiele kommende seizoen sa bliuwe sil", seit Van der Woude.
Bokma slút net út dat de tenniskompetysje mar ek oare kompetysjes dochs wer stillein wurde as it tal besmettings oprinnen bliuwt.