Ferdieling kultuerjid: 'Fryske produksjes moatte opbokse tsjin Rânestêd'

04 aug 2020 - 17:41

Tsientallen teäter- en muzykselskippen krije de kommende jierren gjin subsydzje fan it Fonds Podiumkunsten. Dat hakt deryn, foaral no't troch de coronakrisis de hiele sektor yn grutte problemen kaam is. Ekstra soer is dat it jild benammen útdield liket te wurden oan selskippen yn de Rânestêd. Neffens kultuerkenner Sjoerd Bootsma kloppet dat byld: "Er gaat zo'n 6 procent van het geld naar het Noorden. Dat is hartstikke weinig."

The Soft Moon op Welcome to the Village - Foto: Ronnie Porte

Dêr moat neffens him lykwols wol in nuansearring yn makke wurde. It Fonds Podiumkunsten hat nammentlik yn twa kategoryen jild te besteegjen. Oan de iene kant giet der in part nei festivals. "Daarin doen we het eigenlijk hartstikke goed." Sa krije Explore The North, Into The Great Wide Open, it Oranjewoud Festival en Welcome to The Village jild tawiisd.

Hurder wurkje oan kwaliteit

Oan de oare kant giet it jild nei produksjes. Meindert Talma en it Noordpool Orkest fisken dêryn beide achter it net. Opera Spanga krige wol wer jild tawiisd. Bootsma: "Daar doen we het heel slecht. Maar als je kijkt naar hoeveel Friese partijen hebben aangevraagd, waren dat er ook maar twee of drie. We moeten met z'n allen harder werken aan kwalitatieve producerende organisaties in Fryslân."

Kertiermakker Sjoerd Bootsma - Foto: Omrop Fryslân

Neffens de beoardielingskommisje fan it Fonds Podiumkunsten lit it nivo fan produksjes te winskjen oer yn Fryslân. Dêr is Bootsma it net hielendal mei iens. "Ik vind dat er heel veel goede voorstellingen en muziek wordt gemaakt. Maar het is wel zo dat dat niet opbokst tegen wat er in de Randstad gebeurt."

Oer Meindert Talma, oer wa't de kommisje foaral negatyf wie, is Bootsma wol lovend. "Hij maakt hele eigen voorstellingen, die hier uit de grond ontspruiten. Echt doodzonde dat daar geen geld voor komt." Bootsma freget him ôf oft de kommisje Talma syn wurk wol hielendal begrepen hat.

Gearwurking

Neffens him sitte der ek benammen minsken út de Rânestêd yn de beoardielingskommisje. "Als je wil dat de regio emancipeert en wil dat er meer kwaliteit uit de verschillende regio's komt, moet je er ook geld gaan uitgeven." Bootsma tinkt dat it fûns dêrfoar gearwurkje moat mei de provinsje, it ministearje fan Kultuer en de folsleine kulturele sektor. "Je zou gewoon een plan moeten maken, zodat we over vier jaar niet buiten de boot vallen."

Sjoerd Bootsma oer de ferdieling fan de subsydzjes

(advertinsje)
(advertinsje)