Keatsferiening Jan Reitsma lit publyk har eigen 'kening' kieze

It keatspublyk fan de haadklassepartij yn Reduzum kin snein 16 augustus syn eigen 'Publykskening' kieze. Op dizze wize wol Keatsferiening Jan Reitsma de keatsers útdaagje om it bêste út harsels te heljen. De priis giet nei de keatser dy't dy dei it publyk it meast fermakket.
© Omrop Fryslân
De keatser dy't de herten fan it publyk feroverje kin, kriget in jildpriis en 'de ivige eare'. De keatsklup docht dêrom de oprop oan de keatsers om harren entûsjasme, humor en kreativiteit hearre en sjen te litten oan it publyk.
Fanwege de coronamaatregels kinne der maksimaal 250 minsken komme. Om de haadklassepartij yn Reduzum oan mear minsken sjen te litten, binne de finale en de heale finale ek te folgjen fia in livestream, dy't de feriening sels opsette sil.