Man mei scootmobyl op de kop yn de feart by Oerterp

04 aug 2020 - 15:39
Foto: De Vries Media

In man op in scootmobyl is tiisdeitemiddei op de kop yn de feart rekke oan de Skoalleane yn Oeterp. Omstanners hawwe de man út it wetter helle mei in oprydplaat.

De helptsjinsten wiene ûnderweis, mar de brânwacht hoegde al net mear te kommen. Ambulânsepersoniel hat de man neisjoen. It is net wis oft de man nei it sikehûs moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)