Hurdfytser rekket slim ferwûne nei fal by Stiens

04 aug 2020 - 14:38

In hurdfytser is tiisdeitemiddei slim ferwûne rekke nei in fal op de Nijlânsdyk by Stiens. Der waard ûnder oare in traumahelikopter ynset.

Foto: De Vries Media

De hurdfytser is behannele troch it ambulânsepersoniel en in traumadokter. Dêrnei is er oerbrocht nei it sikehûs. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok. De fyts is burgen by in wente yn de buert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)