Stedhûs Ljouwert ûntromme fanwege gaslucht

De brânwacht hat tiisdeitemiddei it stedhûs yn Ljouwert ûntromme. Yn it gebou oan it Gouverneursplein yn de stêd waard troch wurknimmers in gaslucht rûkt. De brânwacht ynspektearret it pân op dit stuit.
Stedhûs Ljouwert ûntromme fanwege gaslucht
Der wienen op it stuit fan de ûntromming net folle minsken yn it monumintale stedhûs út 1715 oanwêzich. Hast alle meiwurkers wurkje thús fanwege it coronafirus. Yn it stedhûs wurkje it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, leden fan de gemeenteried en stypjende tsjinsten.
© ProNews Producties