SC Hearrenfean skrast oefenwedstriid tsjin VVCS fanwege coronagefal

SC Hearrenfean spilet tiisdeitemiddei gjin oefenwedstriid tsjin VVCS. By ien fan de spilers fan VVCS is corona fêststeld. De wedstriid soe plakfine yn Jobbegea. De klup oefenet dêr omdat de eigen trainingsakkommodaasje yn Langsweagen op dit stuit ferboud wurdt.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De spilers fan SC Hearrenfean spylje no tiisdeitemidei in ûnderlinge oefenwedstriid.