Fierljeppers yn Bûtenpost ferwûne troch stikken glês yn sânbêd

By de Ljeppersklup Bûtenpost binne se bot oan mei de fernielings op harren terrein oan de Jeltingaleane. Der binne elts jier wol fernielings troch jongerein, mar fanwege corona is dat dit jier folle slimmer. Allerhande guod wurdt yn it wetter fan de springskâns smiten en bierfleskes wurde stikken smiten yn it sânbêd. Dêrtroch binne al ferskate ljeppers ferwûne rekke.
Fierljeppers yn Bûtenpost ferwûne troch stikken glês yn sânbêd
Om slimmer foar te kommen moatte de ljeppers foar eltse training en wedstryd earst it wetter ûnder de skâns skjinmeitsje. Dêr wurde buizen, buordsjes mei Verboden Toegang en tegels útfiske. Om't de fierljepskâns iepenbier tagonklik is, is it dreech om it terrein ôf te sluten. De plysje surveillearret no wol faker, mar dat wurket net altyd. It pleatsen fan kamera's kin net fanwege de privacyregels.

Alle kearen wer opromje

"Wy rinne hjir op bleate fuotten om en stappe fuortendaliks yn it glês", fertelt Marieke Jelsma. "Ek ús oanrintegels wurde út de grûn helle en fine wy werom yn it wetter. Ek dat is gefaarlik foar ús ljeppers. Dat bart eins elk jier, mar it is dit jier wol slimmer om't it moai waar is en jongerein fanwege de coronakrisis earder by ús komt om de boel te fernielen. It is alle kearen mar wer opromje en hoopje dat der neat mis giet en nimmen ferwûne rekket."
© Omrop Fryslân, Timo Brinkman
Marieke Jelsma fan de Ljeppersklup Bûtenpost