Gemeentewurker rydt mei gersmeaner it wetter yn en soarget foar grutte opskuor

04 aug 2020 - 10:31

De brânwacht fan Kollum is tiisdeitemoarn yn aksje kaam foar in gersmeanmasine dy't yn it wetter lei oan it Oostenstein yn it doarp. Kuierders dy't de hûn útlieten, seagen de gersmeanmasine op 'e kop yn it wetter lizzen en warskôgen de helptsjinsten. Dy kamen manmachtich nei it plak fan it ûngelok.

Foto: De Vries Media

Ien fan de kuierders sprong sels yn it wetter om ûnder de meanmasine te sjen oft de bestjoerder ûnder it apparaat lei. Dêrby rekke er licht ferwûne. Doe't de brânwacht op it plak fan it ûngelok kaam, die bliken dat de bestjoerder fan de gersmeaner fuortrûn wie nei't er mei it apparaat te wetter rekke.

De traumahelikopter waard ôfsein, lykas de brânwachtkollega's út Drachten, Zoutkamp en Ljouwert dy't al ûnderweis wienen.

Hoe't it mei de bestjoerder fan de gersmeaner is, is net bekend.

Trefwurden: 
brânwacht Kollum gersmeaner
(advertinsje)
(advertinsje)