Simmerblog: Simmer yn Hartwert

04 aug 2020 - 16:30

Omrop Fryslân is tiisdei de hiele dei yn Hartwert. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:01
Ein fan dit simmerblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dizze dei yn Hartwert. Tank foar it folgjen!

Woansdei binne wy der wer, dan is Simmer yn Fryslân yn Bûtenpost.

Sjoch hjir nei de telefyzje-útstjoering:

17:30
De bining fan it doarp
Dominicus Ketelaar en Hendrik Galema fan Doarpsbelang Hartwert - Foto: omrop Fryslân, René Koster

By 't Terphûs steane Dominicus Ketelaar en Hendrik Galema fan Doarpsbelang Hartwert. Sy jouwe oan dat der in soad jongerein nei de grutte stêd gean. Dochs is Hendrik Galema ien fan de jongere generaasje dy't wol yn Hartwert bliuwe sil. "Ik ha sels it gelok dat ik de pleats oernimme kin."

De ôfrûne jierren wie der gjin starterswenning yn Hartwert te finen. Galema seach syn freonen it doarp ferlitten. "Mar we ha dochs in sterke bân hjir mei syn allen", seit Dominicus Ketelaar. De jongerein komt faak werom foar aktiviteiten yn it doarp, as it no giet om keatsen of damjen. Ek de keet fan Hartwert wurdt noch troch in soad jongerein besocht, ek troch minsken fan bûten it doarp.

"Der binne op doarpsfeesten suver mear minsken as ynwenners", wit Galema. "Datselde jildt foar de keatsklup. Dat seit in soad oer hoe't Hartwert minsken lûkt en wit te binen."

Doarpsbelang Hartwert

17:00
Kampioen meane en harjen
Foto: Shutterstock.com (Zhanna Kavaliova)

Franke Bouwstra is Nederlânsk kampioen en Frysk kampioen meane en harjen. Mei in âlde seine meant er syn gers. "Ik ferlear ek wolris, mar ik hie wat te faak efter inoar wûn, en doe ha se frege oft ik yn de sjuery woe." Bouwstra hat de seine neist him lizzen, wylst er fertelt wat it seinemeanen foar hjim betsjut.

Harkje hjir nei it petear mei Franke Bouwstra

15:30
De blues fan Bloemhof
Foto: omrop Fryslân, René Koster

Neist doarpskenner is Bloemhof ek blueskenner. Oant yn Chicago ta fljocht hy de wrâld oer om bluesfestivals te sjen. "Dêr komme de puristen", seit er. Bloemhof kaam er yn de kunde mei syn grutte blueshelden. "Dat is unyk. Ik ha by harren te iten west, te drinken, mar ik mocht ek mei harren meispylje yn bepaalde klups", seit Bloemhof. "Dat is net te leauwen."

As it oan Bloemhof leit mei de blues wol wat mear werom op de radio. Want, sa seit Bloemhof: "Blues is 'grutteminskemuzyk'."

Auke Bloemhof oer syn leafde foar de blues

14:30
'Emigrearre' nei Hartwert
Kate Schlingemann - Foto: omrop Fryslân, René Koster

Njoggentjin jier lyn kamen Kate Schlingemann en har man Albert Kuiper út de Rânestêd wei nei Hartwert. Yn harren loads hawwe se no in dekôrboubedriuw. Boppedat is Schlingemann skriuwster. Ynkoarten komt se mei in nij Frysk printeboek, dy't útjûn wurdt by de Afûk.

"Hartwert was echt een warm bad. Het is een fijn dorp", fynt Schlingemann. Neffens har is it doarp hielendal net sletten. "Hartwerters zijn zelf ook hier wel geboren en getogen, maar ze zijn over de hele wereld geweest", seit se. "Ik wil hier niet meer weg."

Schlingemann oer it 'emigrearjen' nei Hartwert

13:00
De mûne fan Hartwert
De spinnekopmûne by Hartwert - Foto: omrop Fryslân, René Koster

De spinnekopmûne fan Hartwert stiet middenyn de greiden: je kinne der net omhinne. Mar wa't tichter by de mûne komme wol, hat dêr dochs echt mûnder Nynke Vellinga foar nedich. "Myn heit wie ek gek op mûnen", seit Nynke. "Dan giest in kear mei, fynst it moai. Sa bin ik der wat ynrôle."

De Hartwerter mûne komt út 1830, mar is twa jier lyn restaurearre. Sûnt in pear wike stiet it spinnekopke wer op syn plak. "Hjoed is de earste dei sûnt de restauraasje dat ik wer mei dy mûne draai", seit Vellinga. It draaien bart foar de prins, mar is foar Nynke net minder bysûnder. Vellinga: "Ik fyn dat prachtich, ik bin dan sa bliid dat er der wer moai stiet, dat er it lânskip wer siere kin en dat ik hjir wer moai by sitte kin."

Nynke Vellinga oer de mûne fan Hartwert

12:00
In plakje foar de sport én in plakje foar de bern
It sportfjild fan Hartwert - Foto: omrop Fryslân, René Koster

It sintsje skynt en it gers fan it fjild is aanst sa strak as in biljertlekken. It sportterreintsje fan Hartwert leit der goed by. Meinte Bergstra is ponghâlder fan keatsferiening Spui yn 'e Want en fertelt dat Hartwert net allinne in 'dam'-doarp is, mar dat der ek in soad keatst wurdt op it fjild. "De measten komme rûnom wei", fertelt Bergstra. "Dat is de krêft fan de hiele sport hjir yn Hartwert."

Yn de tuskentiid komt in jonkje op syn trekker foarby. Want it fjild is net allinne foar it sporten, mar wurdt ek brûkt as boartersplak. "Der binne net in hiel soad bern", seit Geartsje, ien fan de doarpsbewenners. "De bern kinne yn de omkriten fan Hartwert nei skoalle ta, opfang is ek earne oars." En om't de bern fan Hartwert noch jong binne, hawwe se yn it doarp net te krijen mei oerlêst op it fjild. Yn Hartwert gjin hingjongerein. "Dat spant hjir kwealik om, is net te finen noch", seit Bergstra laitsjend.

It sportfjild fan Hartwert

11:00
De âlde auto's fan heit en soan Jaarsma
Heit en soan fan garaazje Jaarsma - Foto: omrop Fryslân, René Koster

It binne net samar auto's. Sawol heit Pyt as soan Harmen Tom fan garaazje Jaarsma diele harren entûsjasme foar âlde Mustangs, Fords en Amerikaanske Pick Up's. Yn de garaazje stiet ien fan harren eigen auto's: in Mustang, dy't folslein útklaaid is. "Ik ha him yn '97 kocht, op in merk yn Amearika", fertelt heit Pyt Jaarsma. It duorre jierren foardat er tiid hie om dizze eigen auto op te knappen, want sa as er seit: "Je eigen wurk komt altiten op it twadde plan."

Yntusken stiet soan Harmen Tom bûten by in Pick Up: in grutte truck mei faak in iepen laadbak. Harmen Tom is it net iens mei it imago fan benzine- of diselsloarpjende auto's. "Se ride allegearre op gas. Dat is fansels in restprodukt", seit er. "Op gas rydt sa'n auto best wol skjin."

Mar ek by garaazje Jaarsma sille se sjen moatte nei de elektryske ferzjes fan de Amerikaanske auto's. Sa sil Ford yn de takomst mei in elektryske ferzje komme, dy't in stik minder lûd meitsje sil. "Dat wurdt wat in dinkje", seit Pyt Jaarsma, wylst er it motorkabaal fan ien fan de Pick Ups hearre lit.

Ferslachjouwer Rene Koster by garaazje Jaarsma

10:30
Damkening Teake Kooistra
Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Hy waard 18 kear kampioen Frysk Damjen: damkening Teake Kooistra. Yn syn eftertún, mei it damboerd foar him, fertelt er: "Ik bin der úteinlik mei grut wurden. Ik bin in echte Hartwerter, en yn Hartwert waard fansels Frysk damme." Troch syn heit kaam ek Kooistra yn de kunde mei de swart-wite stientsjes. It bysûndere fan it Frysk damjen, leit er út, is dat jo ek horizontaal en fertikaal slaan meie.

Yn 1974 kaam Kooistra yn de kampioensklasse, mar it duorre oant 1986 foar't er kampioen waard. Dêrnei soe it him noch 17 kear slagje. Syn taktyk? "We kenne inoar troch en troch yn de kampioensklasse", seit de Hartwerter. "En it is de taktyk om dêr wat mei te boartsjen."

Damkening Teake Kooistra

10:00
Skiednis priuwe
Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Auke Bloemhof wennet yn in hiel âld hûs út 1879. "Wy ha dit hûs altyd yn de famylje hân. Fan 1982 wenje myn frou en ik hjir. Wy sjogge hjir út op de Middelseedyk, ien fan de âldste diken fan Fryslân. Rjochts fan ús lei de Middelsee, Hartwert leit fan âldsher oan dizze see. Hartwert is in hiel âld plakje, dêr't yn de grûn noch allerhanne guod fûn wurdt út it ferline."

De skiednis fan it doarp is noch altyd dúdlik te priuwen yn de omjouwing. De tsjerke yn it doarp is yn 1771 ôfbrutsen. De toer is yn 1807 ôfbrutsen. Op it plak fan de tsjerke is in klokkehûs weromkaam. Auke is mar wat grutsk op dy rike skiednis. Mar it meast hâldt er fan de romte om him hinne. "De frijheid en it romme sicht fyn ik prachtich hjir. Ik bin echt wiis mei myn plak."

Auke Bloemhof fertelt oer de skiednis fan Hartwert

9:30
Wolkom yn Hartwert

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is tiisdei te gast yn Hartwert. Ferslachjouwers Johanna Brinkman en René Koster dogge de hiele dei ferslach.

Moandei wie Simmer yn Fryslân yn Earnewâld. Dat kinne je hjir lêze.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)