Ellen Fokkema (19) spilet as earste fuotbalster mei yn KNVB-manljuskompetysje

04 aug 2020 - 18:00

De 19-jierrige Ellen Fokkema fan fuotbalferiening Foarút yn Menaam sil as earste froulike fuotbalster meidwaan yn de fuotbalkompetysje foar manlju fan de KNVB. It fuotbalbûn start mei in pilotprojekt om froulju meifuotbalje te litten mei manlju.

Ellen Fokkema (19) spilet as earste fuotbalster mei yn KNVB-manljuskompetysje

Fokkema mei fan takom seizoen meispylje mei it earste manljusteam fan vv Foarút yn Menaam. Dit team komt út yn de fjirde klasse. Nei oanlieding fan de resultaten fan de pilot sil de KNVB evaluearje oft it faker mooglik wurde makke kin om froulju mei de manlju meifuotbalje te litten. As dat sa is, moatte de regleminten oanpast wurde.

Sûnt har fyfde spilet Fokkema by de jonges fan Foarút. Dêr wol se gewoan mei trochgean, mar foarhinne koe dat dus net. De Menamer klup hat it twa kear earder besocht, mar dat waard ôfwiisd troch de KNVB. "Mar trije kear is skippersrjocht", laket Fokkema.

Fuotbalster Ellen Fokkema

"Al myn freonen geane troch nei it earste dus ik tocht: wêrom kin ik net mei?" No kin dat. It ôfrûne seizoen die Fokkema sa no en dan al mei by it twadde. Dêr hat se al ûnderfining opdien mei spyljen tsjin senioaren. By it earste binne har nije teamgenoaten ek posityf oer har komst. "De helte ken ik al, dus dy fûnen it hiel moai dat ik bliuwe koe. De oare helte reagearre ek hiel entûsjast."

Foto: Omrop Fryslân

Sûnt de KNVB tiisdeitemoarn bekend makke dat it pilotprojekt by Foarút hâlden wurdt, stiet de tillefoan reagleon. In hiel soad radio- en telefyzjestasjons woene harren reaksje witte, fertelt bestjoerslid Auke Grijpma fan Foarút. Hy is moarns mar ophâlden mei wurkjen, om't er hieltyd belle waard.

Bestjoerslid Auke Grijpma fan Foarút

Sels de BBC yn Ingelân berjochtet deroer. Sa bysûnder fine se it yn Menaam net, seit Grijpma. "It hat foar ús gjin issue west. Ek binnen de seleksjes, bestjoer of de leden net. It is hartstikke moai dat dy stap nei de senioaren no set wurde kin. Mar foar ús is it net mear as logysk."

Yn de tarieding op it nije seizoen sil bliken dwaan moatte oft Fokkema har nivo goed genôch is om by it earste te kommen. Grijpma tinkt fan wol. "Har hannelingssnelheid en har ynsicht, dat is hiel belangryk. Se hat al in pear kear mei ús by it twadde meidien. Se tinkt krekt wat rapper as de rest."

(Advertinsje)
(Advertinsje)