Kollum: "Skiep op it strân"

04 aug 2020 - 08:28

"Minsken binne sosjale wêzens. Se hâlde der fan om inoar op te sykjen, om inoar te besjen, om mei-inoar te praten en om inoar oan te reitsjen. De minske is in groeps- en gewoantedier, fielt him op syn bêst yn de keppel. It hâlden en dragen fan dy minske is biologysk-evolúsjonêr prima te ferklearjen. Wat net sizze wol dat men jin as part fan dy keppel net fernuverje kin oer wat de soartgenoaten bytiden allegear by de ein ha.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Lykas ôfrûne freed, doe't it sa bluodderige hyt wie. Sa'n dei nûget út om it wetter op te sykjen. Dat barde dus ek massaal. Mar ek al is bygelyks de Noardseekust 353 kilometer lang, minsken wolle allinnich nei strannen dêr't de measte oare minsken komme. Kilometerslange files wiene it gefolch. Santfoart wie net mear te dwaan, like min as Egmond oan See en Kastrikum. Seelân hie deselde problemen, foar de boat nei Skiermuontseach stie in lange rige toeristen mei de fyts oan de hân en sels it strân fan Makkum wie in hotspot.

Wy krûpe it leafst op in bult en dogge wat in oar ek docht. Tink wat dat oangiet oan de skytpapierfile dy't der west hat. Doe't de lockdown ôfkundige waard begûn ien ekstra skytpapier yn 'e hûs te heljen. Fuort dêrnei drafke de hiele keppel nei de supermerk om presys itselde te dwaan. Folslein ûnlogysk gedrach, want hie it net better west om iten te hamsterjen, ek al wie dat likemin needsaaklik.

Yn datselde ferbân wol ik jim de tompoucefile yn 't sin bringe. Keningsdei 2020, en minsken stean yn in lange rige foar de Hema om in gebakje te skoaren dat in dei of in pear dagen earder ek wol kocht wurde kinnen hie. En wat te tinken fan de bylden fan hûnderten minsken dy't foar de Ikea stiene te wachtsjen doe't dy wer iepen mocht.

Minsken ha wat fan skiep. Of fan kij. Dy stean ek altyd op in bult te gerskjen. Al is de greide noch sa grut: it ûnder inoar ferpartsjen is der net by, de bisten ferkringe inoar op ien hoeke gers. De keppel giet boppe in yndividuele beslissing dy't folle geunstiger wêze kin.

Wy, de minske, litte ús graach beynfloedzje troch oaren. Dat kin ek hast net oars. Soks hoecht by definysje net negatyf te wêzen. Mar sa't it better is om op in hite dei nei in strân te gean dêr't amper minsken binne, jins eigen kar te meitsjen, sa is it faak ek better om jins eigen kar te meitsjen as it oer polityk giet, oer protestbewegingen of maatskiplike ûntjouwings.

Sels neitinke, sels de eigen miening foarmje of it gefoel folgje. Net bang wêze om de keppel te ferlitten. Hear ris in kear ergens net by. "

(advertinsje)
(advertinsje)