Nije studinten krije in coronaproof yntroduksjewike yn Ljouwert

04 aug 2020 - 06:56

Gewoanwei soe it yn Ljouwert oer in pear wiken smoardrok wêze mei nije studinten dy't foar it earst yn 'e kunde komme mei harren studintestêd yn de yntroduksjewiken. Mar it Leip! Festival en tal fan oare aktiviteiten kinne dit jier fanwege it coronafirus net trochgean. Yn gearwurking mei de ûnderwiisynstellingen yn Ljouwert hat Stichting Leeuwarden Student City in alternatyf plan betocht. En dat hat noch hiel wat fuotten yn 'e ierde.

Nije studinten krije in coronaproof yntroduksjewike yn Ljouwert

Dat it Leip! Festival net trochgean koe, dat wie al rap dúdlik, fertelt direkteur Carin van der Meij fan Stichting Leeuwarden Student City. "De grote groepen studenten die we normaal ontvangen, kunnen we niet op de gewone manier met Leeuwarden laten kennismaken. Voor het Leip! Festival was dat direct al duidelijk. We hebben veel tijd gestoken in de zoektocht naar een alternatief. Dat was best lastig, omdat al snel bleek dat ook plan B niet mogelijk was."

Firtuele toer troch de stêd

De stichting hat yn gearwurking mei de hegeskoallen alternative plannen betocht. By RUG/Campus Fryslân en hegeskoalle NHL Stenden sille de aktiviteiten by de skoallen sels wêze. Bûtendoar, op de pleinen. It giet om in firtuele toer op spinningfytsen, in optreden fan in hologram-artyst, ferskate foodtrucks en in teäterfoarstelling. De aktiviteiten fan Van Hall Larenstein wurde troch de studinteferieningen sels oppakt.

Logistike puzzel

Foar alle aktiviteiten jildt dat der maksimaal hûndert studinten op itselde momint by wêze meie. Der sil dus wurke wurde mei groepkes. Dat moat ek foar it iepenbier ferfier regele wurde, sadat net alle studinten op itselde stuit op stasjon Ljouwert oankomme. Oer alle aktiviteiten is wiidweidich oerlein mei de plysje en de gemeente Ljouwert. "Het verplaatsen van deze studenten is nog een hele organisatie", wit Van der Meij. "Dat is logistiek nog een enorme uitdaging. Studenten mogen niet tegelijkertijd in de bussen, dus we hebben een strak draaiboek samengesteld."

Start fan in nij libben

Lange tiid hat der noch twivel west oer it wol of net organisearjen fan de yntroduksjewike. "Het is tocht de start van een belangrijke periode in je leven, dus wij vonden dat we alles op alles moesten zetten om een feestelijk onthaal op poten te zetten", seit Van der Meij. Se is realistysk oer it tal studinten dat dit jier nei dizze oanpaste yntroduksjewike komme sil. "Er zullen minder internationale studenten zijn, maar de afname lijkt gelukkig kleiner te zijn dan we van tevoren hadden gedacht."

Carin van der Meij, direkteur fan Leeuwarden Student City

(Advertinsje)
(Advertinsje)