Crowdfundingsaksje foar plasdras by Wommels is in sukses: oanlis begjint

De wurksumheden oan it plasdrasgebiet by Murk Nijdam fan Wommels binne dizze wike folop úteinset. Nijdam kaam ferline jier yn it nijs mei in crowdfundingsaksje. Yn gearwurking mei it Agrarisch Natuurfonds Fryslân wol Nijdam yn Wommels in grut stik greide omtsjoene ta plasdrasgebiet. Sa kinne greidefûgels in moai plakje krije. De crowdfundingsaksje rint goed en dus kin fan dizze wike ôf it plasdrasgebiet oanlein wurde.
Crowdfundaksje
It lân fan Murk Nijdam yn Wommels is de ôfrûne wiken ôfgroeven, sadat der yn oktober wetter op it lân set wurde kin. It giet om trije hektare grûn yn totaal. Ek steane der al fûgelhutten op it lân foar fotografen en besikers. Nijdam is wiis dat lang om let wat bart: "Ik hoopje dat it tal fûgels op myn lân ferdûbelje sil en dat der in hiel soad minsken komme om dêr fan te genietsjen."
Eddy de Boer is fan Agrarisch Natuurfonds Fryslân en hat him dwaande hâlden mei de crowdfundingsaksje. "Wy hoopje dat de greidefûgels sa behâlden bliuwe foar Fryslân. Dizze trije hektare is hielendal finansiere mei crowdfunding. Wy fine it skitterjend dat it sa goed rint."
Murk Nijdam en Eddy de Boer © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by it plasdrasgebiet yn Wommels