Goed 200 Fryske claims tsjin skea troch Lelystad Airport

Goed 200 partikulieren en bedriuwen yn Fryslân hawwe it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat begjin dit jier in 'stuitingsbrief' stjoerd. Mei dy brief jouwe se oan dat se harren rjocht op it claimen fan in fergoeding fan eventuele skea troch Lelystad Airport feilichstelle wolle. Lanlik binne der goed 13.000 brieven stjoerd.
© Omrop Fryslân
Begjin dit jier warskôgen juristen fan de Samenwerkende Actiegroepen Tegen Laagvliegen (SATL), dat op 1 april dit jier de offisjele termyn fan fiif jier ferrûn dêr't in fersyk ta fergoeding fan skea troch Lelystad Airport yn yntsjinne wurde koe. Neffens SATL wit gjinien oft en sa ja hoefolle skea, bygelyks troch weardefermindering fan hûzen, oprinne kin, mocht it fleanfjild dochs ea iepengean.
SATL ferwachtet yntusken dat Lelystad Airport sletten bliuwt. Mar om it wisse foar it ûnwisse te nimmen, advisearren syn juristen om foar 1 april persoanlik en oantekene in saneamde 'stuitingsbrief' nei it ministearje te stjoeren. Troch dat te dwaan, wurdt de claimtermyn ferlinge.

Minder as twa persint

De 220 Fryske brieven meitsje noch gjin twa persint út fan it totale oantal brieven. Rob de Wind fan wurkgroep Laagvliegroutes NEE fynt dat Friezen dêrmei in ferkearde kar meitsje en harsels yn de foet sjitte: "Ik denk dat het ermee te maken heeft dat men in Fryslân denkt dat het allemaal wel meevalt. Friezen zijn heel nuchter, maar zij willen eerst iets zien voordat ze het geloven."

Grutste soargen yn Gelderlân

Yn totaal hat it ministearje 13.025 brieven ûntfongen. Dêrfan binne 130 ûnjildich ferklearre, om't se te let binnenkamen. Fan de jildige 12.895 brieven binne 261 ôfkomstich fan bedriuwen en 12.764 fan partikulieren.
De soargen binne it grutst yn Gelderlân (mear as de helte fan de brieven) en Oerisel (kwart). In fyfde fan de brieven kaam út Flevolân. Dy trije provinsjes nimme goed 96 persint fan de brieven foar harren rekken. De rest komt út Fryslân, Utrecht en Noard- en Súd-Hollân.
Rob de Wind fan Laagvliegroutes NEE