Ferskate ynstellings fiskje achter net by ferdieling kultuerjild

Ferskate Fryske kulturele organisaasjes en ynstellingen fiskje achter it net as it giet om subsydzje fan it Fonds Podiumkunsten. It Noordpool Orkest yn Drachten hie om twa ton frege, mar krijt neat, omdat it Fonds Podiumkunsten fynt dat it orkest in ûndúdlike artistike koers fart.
Meindert Talma sjongt de Domela Passy © Omrop Fryslân
Datselde jildt foar keunstner Meindert Talma. Dy hie in ton frege, mar krijt ek neat omdat it fûns twivels hat oer syn artistike kwaliteiten. "Dat is wol ferfelend om te lêzen. It is wol wat in tebeksetter", fertelt Talma. De parse en kritisy wiene de ôfrûne tiid positiver oer syn wurk as de beoardielers fan it fûns no.
Dochs lit Talma him de wurden fan de kommisje net te bot dwers sitte: "Ik ha wol genôch positive lûden heard. Dit is dan efkes fan in kommisje dy't jild ferdiele moat, dus ik nim it net persoanlik. Ik ha der net in soad oer te sizzen, útsein dat it spitich is."
Meindert Talma
© Omrop Fryslân

Festivals

It festival Simmerdeis yn Drachten hie ek subsydzje frege, mar ek neat krigen. Fjouwer oare Fryske festivals krije wol jild. Dat binne Explore The North, Into The Great Wide Open, it Oranjewoud Festival en Welcome to The Village. Ek Opera Spanga krijt de kommende jierren subsydzje fan it Fonds Podiumkunsten.
Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda

Teäters

Goed nijs is der ek foar poppoadium Neushoorn yn Ljouwert en de teäters De Harmonie yn Ljouwert en De Lawei yn Drachten. Sy meie mei elkoar hast in miljoen euro ferdiele. Dat jild is bedoeld om de problemen op te fangen dy't se ha fanwege de coronakrisis.