Keatser Tjisse Steenstra wikselet fan partoer

Keatser Tjisse Steenstra keatst takom seizoen net mear mei Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra. De Bitgumer achterynse wurdt opslagger by Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Hy wurdt de ferfanger fan Menno van Zwieten.
Tjisse Steenstra © Henk Bootsma
Steenstra kiest derfoar om opslagger te wurden yn stee fan achterynse en fynt yn Hiemstra en Wassenaar maten dy't de lêste PC yn 2019 wûn hawwe.
Tjisse Steenstra hat trije jier keatst mei Van der Bos en Triemstra. De formaasje wie tige suksesfol. Sy hawwe yn totaal 34 oerwinnings boekt. De earste wie op 22 maaie 2017 yn Sint-Anne. De lêste op 12 july fan dit jier yn Boalsert.
Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra bliuwe by elkoar. Sy krije Erwin Zijlstra as achterynse.
Menno van Zwieten wikselet ek fan funksje. Hy wurdt perkspiler en keatst takom jier mei Enno Kingma en Kees van der Schoot.