Mistfontein yn Ljouwert bekladde

De mistfontein by it stasjon fan Ljouwert is bekladde. Op ien fan de twa wite hollen fan keunstner Jaume Plensa hat ien mei swarte stift besocht in snor te tekenjen.
Wa't de fontein ûnder hannen naam hat, is net bekend. It byld waard yn 2018 ek alris bekladde.
De fontein is ien fan de blikfangers fan Kulturele Haadstêd 2018. D66 hat de gemeente frege de snor fuort te heljen.