Utspraak yn koart pleit Ljouwerter City Train folget dizze wike

03 aug 2020 - 17:37

De rjochter docht woansdei of tongersdei útspraak yn it koart pleit fan de eigener fan de City Train tsjin de Veiligheidsregio Fryslân. It toeristetreintsje yn Ljouwert mei mar mei de helte fan de kapasiteit ride, om't der oars gjin oardel meter ôfstân hâlden wurde kin.

Utspraak yn koart pleit City Train folget dizze wike

Der sitte wol skerms tusken de bankjes, mar dat fynt de Veiligheidsregio net genôch. Eigener Jelle de Visser fan City Train woe him dêr net by dellizze en spande dêrom in koart pleit oan. Foar him is it finansjeel net helber om op de helte fan de kapasiteit te riden.

De Veiligheidsregio smiet it foar de rjochter folslein op de oardelmeterregel. Dy ôfstân tusken de banken is krúsjaal sei advokaat De Groot. Allinnich yn skrinende gefallen kin dêr in útsûndering opmakke wurde, bygelyks by in begraffenis, mar in toeristetreintsje falt dêr net ûnder.

Boppedat is de Veiligheidsregio benaud dat by in útsûndering it hek fan de daam is. Dan krije de amtners it fierstente drok en is it net mear te oersjen seit de advokaat. Neffens de eigeners fan de trein is de Veiligheidsregio hjir just foar en is it frjemd dat der op goede grûnen gjin romte is foar útsûnderings op de oardelmeterregel. Ek de rjochter stelde de nedige fragen oer de stive hâlding fan de Veiligheidsregio.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Jelle de Visser: "Ik fûn it in goede rjochtsitting. De rjochter hie begryp foar wat wy graach wolle." Yn it treintsje kinne 60 minsken mei. "No nimme we gemiddeld 15 oant 20 minsken mei." It soarget foar minder ynkomsten mar it is ek ferfelend. "Minsken snappe net dat se net meimeie, want der sitte toch skermen tusken de bankjes. Of se lige dat se op itselde adres wenje, wylst we tinke dat dat net sa is."

Daan Postma, kompanjon fan De Visser: "We moeten steeds mensen weigeren en we hebben beperkte capaciteit terwijl we ze veilig kunnen vervoeren. We vragen om twee personen op een bank."

It fuortbestean fan it treintsje stiet noch net op it spul.

Jelle de Visser en Daan Postma

(Advertinsje)
(Advertinsje)