Hynder-en-wein bedarret yn de sleat yn Sumar

Yn Sumar is moandeitemiddei in hynder-en-wein yn de sleat bedarre. De wein waard al gau wer op it drûge setten, mar it bliek noch in hiele toer om it hynder op de kant te krijen. Dêrom waard de brânwacht alarmearre.
De brânwachtlju besochten de hoppe út de sleat neist de Solcamastrjitte te lûken mei spierkrêft, mar doe't dat net slagge, waard de help fan in boer mei trekker ynskeakele. Mei feriene krêften slaggen se der úteinlik yn om it bist wer op it drûge te krijen.
Hoe't it koe dat de kombinaasje yn it wetter telâne kaam, is net dúdlik. It hynder en de persoanen op de wein rekken net ferwûne.