Al mear as 40 jier yn deselde hierwenning: "Us hiele skiednis leit hjir"

03 aug 2020 - 17:15

Grut feest foar mear as hûndert bewenners fan in hierhûs yn Achtkarspelen: sy wenje mear as 40 jier yn itselde hûs en dus krije se dizze wiken in kado fan de wenningbou. De wenningbouferiening rydt mei in grutte Cadillac yn Surhústerfean by de hierders del om harren fan in ferrassing te foarsjen. "Dit is foar ús echt hiel bysûnder," seit Niek Zwart, ien fan de bewenners yn Achtkarspelen.

Cadillac hierder Achtkarspelen

Cadillac

In grutte blauwe Cadillac komt de Verkerckstrjitte yn Surhústerfean binnen riden. De Cadillac is fersierd mei reade ballonnen en út de kofferbak stekke sinneblommen. "Dy binne foar ús hierders", seit direkteur Emmy Elgersma fan de wenningbou. "Dy wolle we no yn it sintsje sette. Se witte ek net dat we komme, dus hooplik is de ferrassing grut."

Famylje Zwart

De earste famylje dy't de Cadillac foar de doar kriget, is de famylje Zwart. Sy wenje al hast 50 jier yn de strjitte. "De bern binne hjir hikke en tein", seit Niek Zwart. Hy en syn frou Trijntje binne fol emoasjes troch alle besite.

Wurknimmers fan de wenningbou binne yn klean út de jierren '80 klaaid. Sy komme yn in Elvis-kostúm de Cadillac út. "Dit hiene we echt net ferwachte", seit Trijntje Zwart. "We moatte ek in fragelist ynfolje mei ús hichtepunten yn de tiid dat we hjir wenje. Ik moat noch efkes sykje, want it binne der tefolle om op te neamen."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Mear as 100

De wenningbou is de hiele wike dwaande om minsken yn it sintsje te setten. Yn totaal binne mear as 100 minsken te finen dy't al 50 jier in hûs hiere. Sa ek Anneke Bethlehem-Hoekstra, de buorfrou fan de famylje Zwart. "Ik bin troud yn dizze wenning en myn man is der yn ferstoarn, dus ús hiele skiednis leit hjir. Je krije dan in bân mei de bewenners ek. We ha in protte minsken ferhúzjen sjoen, mar dochs wol ik hjir sa lang as mooglik bliuwe. Dit plakje is echt ûnderdiel fan my wurden."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn Surhústerfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)