"Cambuur moat mar net winne fan FC Emmen"

Sportklup Hearrenfean hat noch gjin yndruk makke yn de earste oefenwedstriid fan dit seizoen. Se ferlearen mei 1-0 fan NAC Breda. "Al sjogge je dúdlik dat se guon spilers noch misse", stelt ferslachjouwer Roelof de Vries. Cambuur hat lykwols trije oefenpotsjes op rige wûn. De lêste tsjin PEC Zwolle. "It giet sa goed, se moatte freed mar net winne fan FC Emmen."
"We sieten toch in bytsje te sjen nei non-fuotbal. Je sjogge je der wiken lang nei út, mar it wie wol in anty-klimaks." Roelof de Vries is kritysk oer it spul fan Hearrenfean, mar set dêr ek wol wat kanttekens by.
"Ik tink dat we dêr ek noch net altyd kritysk op wêze meie." Hearrenfean spile mei in soad jonge spilers, ûnder wa Arjen van der Heide (18) en Timo Zaal (16). "Van der Heide kin goed fuotbalje, dat kinst sjen. Al fûn ik dat hy dizze wedstriid te min sjen liet. Timo Zaal foel my wol posityf op. Ik ha him sels net live spyljen sjoen, mar de rush nei foaren dy't hy hat docht my tinken oan Franz Beckenbauer. Hy pakt samar efkes 30/40 meter en boppedat hat hy in goeie pass."
Mei de komst fan Joaquin Fernandez letter dizze wike, liket Hearrenfean de seleksje wat de ferdigening oanbelanget rûn te hawwen. De Vries: "Mar ik fyn it noch wol wat meager. Hast Dresevic en dan hoopje ik mar dat dizze Fernandez goed is, mar mei Timo Zaal en miskien in Stefan Westra der allinnich noch mar efter, fyn ik dat wol meager."

Cambuur liket no al yn foarm

Oer Cambuur binne de sportferslachjouwers entûsjast. "It ferraste my wol, foaral de útslach", seit Geert van Tuinen. Andor Faber: "PEC Zwolle hat net folle sjen litten. Zwolle spile syn earste oefenwedstriid, mar der stean dochs wol wat aardige nammen op it fjild. Cambuur joech hast neat fuort. It stie goed by Cambuur."
Posityf is ek dat de seleksje sa breed is, dat se de twadde helte mei in oare ploech spilen, mar net minder waarden. Van Tuinen: "Alle posysjes binne dûbeld beset. De konkurrinsje nimt ta." Faber: "Dat moatte je wol efkes manage. Dat is wol in útdaging. It is hast hielendal deselde ploech. Der binne bêst wat spilers dy't mooglik dan wer op de bank komme. En hoe gean dy dêr dan mei om? Dat is wol efkes in útdaging."
Mar it sjocht der al mei al goed út by Cambuur. "Je meie fansels wat ferwachtsje fan Cambuur dit seizoen." Van Tuinen: "It is wol opmerklik dat Cambuur 'zonder schroom' it fjild op stapt." Faber: "Neffens my sei ien fan de kommissarissen it al: we moatte freed mar net fan Emmen winne, want oars tinkt eltsenien dat we samar efkes kampioen wurde."
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.
© Omrop Fryslân
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.