DNA-ûndersyk op dea kealtsje: net deabiten troch wolf, mar troch foks

03 aug 2020 - 16:57

It kealtsje dat mids juny dea fûn waard yn in greide yn Donkerbroek is nei alle gedachten net deabiten troch in wolf, mar deabiten of oanfretten troch in foks. It DNA-materiaal dat fûn is, wie fan sokke minne kwaliteit, dat it gjin resultaat opsmiten hat.

Boer Mulder hat it kealtsje ûnder in stik plastic ferstoppe - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It is ek ûndúdlik oft it keal dea wie doe't it smiten wie troch de ko of dat it noch libbe hat. It bist wie oanfretten en dy spoaren lykje it measte op dy fan in foks. It keal is boppedat lizzen bleaun yn de greide, wylst in wolf syn proai faak fuortsleept.

Der binne ek gjin spoaren lykas hier fan in wolf fûn. De ûndersikers geane der dêrom fanút dat it in foks west hat dy't it kealtsje oanfretten hat.

Trefwurden: 
kealtsje wolf DNA Donkerbroek
(Advertinsje)
(Advertinsje)