Emil Frederiksen definityf fan SC Hearrenfean nei SønderjyskE

SC Hearrenfean rekket Emil Frederiksen definityf kwyt. De fuotbalklup hat oerienstimming berikt mei SønderjyskE oer in transfer. De Deenske middenfjilder (19) waard it ôfrûne seizoen al ferhierd oan de klup út syn heitelân en wûn mei harren de nasjonale beker.
© OrangePictures
"Emil heeft in Denemarken zijn profdebuut gemaakt en SønderjyskE tijdens zijn huurperiode overtuigd van zijn kwaliteiten", seit technysk manager Gerry Hamstra. By Hearrenfean spile Frederiksen net yn it earste alvetal.